Fries om útens

Fries om útens

De shantymen

De shantymen

 

 

 

 

 

 

 

O, ja ‘t is wier ik fiel my hjoed
Hiel oars as oars; begryp my goed.
Myn hûs stie oeral op’e wrâld,
Gjin plak wer’t ik sa fan hâld.
Ik stiel herten, die oaren sear,
Ik makke freonen, ferlear in pear.
De lêste dagen bin ik bang,
Dat ik sa nei dy ferlang.

Refrein:

‘k Sil dy sizze dat ik grutsk bin
en myn tinzen stean hiel ticht by dy.
Fryslân o, do ropst my,
Ja ik kom nei hûs.
En soe ik oait in frjemde wurde
En dyn grûn fielt net mear as fan my,
Fryslân, O Fryslân, ‘k langje nei dy.


O, Fryske grûn, do joechst my brea.
Dyn griene greiden, de lucht fan hea.
Dyn loften wyld; dyn marren wiid.
It is myn byld fan dy tiid.
‘k Fertel ferhalen, ‘k sjong fan dyn grûn,
It is wer’t eartiids myn libben begûn.
‘t Ferwûndert my, hoe dat it kin,
dat ik mysels hjoed net bin.

Refrein:

Intermezzo.   ………………………………………………………

Ingelske solist:
Let me tell you that I love you
That I think about you all the time
Fryslân you’re cal-ling me.
Now I’m going home.
And if I should be-come a stranger
You know it will make me more than sad
Cause Fryslân has been everything I’ve ever had

Refrein:

 

Dougie McLean/Hans Faber.

Permanente koppeling naar dit artikel: //www.florashantys.nl/fries-om-utens/