Ferjit my net, as bolle wyntsjes waaie
en ik oan´t roer myn sankje sjong
As kroeze weagen ´t glede skip om aaie
Ferjit, ferjit my net ! Ferjit, ferjit my net
Ferjit my net, as millioenen stjerren
en ´t freonlik moantsje my beskynt
En do swiet dreamd hast yn é sêfte fjearen
Ferjit, ferjit my net ! Ferjit, ferjit my net
Ferjit my net, as wrede touwer fleagen
my slingerje dêr´t God it wol
As ik om-pols-kje mei de dea foar eagen
Ferjit, ferjit my net ! Ferjit, ferjit my net
Ferjit my net, as wreed de stoarmen bylje
en ´t libben hinget oan in tried
As wy ferslein oan´t neadtou ride- en fylje
Ferjit, ferjit my net ! Ferjit, ferjit my net